roazen
ik keapje alle wiken roazen foar myn frou se set se yn in faas
de roazen yn 'e oare faas dy't de kopkes hingje litte roazen
dy't ferwile binne knipt se óf roazen fan 'e stale skaat kinne
net samar fuortdien wurde se komme op in skaal te lizzen yn in
faas stean se te pronkjen mar sa droech en ferblikke binne roazen noch
prachtich wy halde dan pas echt fan har sa stean yn it hüs ferspraat twa
grutte en trije lytse skalen fol mei droege roazen as se fol
binne leget myn frou mei pine yn 't hert de skaal dy't it earst fol wie
en alle kearen tinke wy in skaal derby nee der binne grinzen