de tiid ferstrykt wurdt dat noch wat myn reis nei sina ta gelokkich ha ik it sicht op wylgen ik ha juster in dei ütlutsen om nei myn freon ta tiid dy't goed bestege is en dochs hie ik it lang ütsteld ik doch it iene dêrom kin it oare net dizze dei is al wer heal om it fijocht my oan en dat wylst ik om't ik gjin tiid fergrieme woe my net skeard en ek de öfwask noch net dien ha ik ha it gefoel dat ik de hiele middei nei büten sjen wol ik stean al in kertier foar it rut tink ik wol op in stoomboat de swarte see befarre dei en jün binne al wer om ik hoopje lykwols noch in protte te dwaan ik wurd gewoan sljocht om't ik kieze moat ha ik keazen om myn tiid hjir oan te besteegjen om't ik der net ta komme kin om op bêd no't ik omfal fan 'e sliep ütteld bin

Tijdschriftenbank Zeeland

Ballustrada | 2005 | | pagina 28